Gjin maatregels tsjin sirkus

07 nov 2006 - 11:58

De gemeente It Hearrenfean nimt foarearst gjin maatregels tsjin it Deenske sirkus Arena. It sirkus foldocht oan alle easken en dus der is gjin reden om de optredens stil te lizzen, fynt de gemeente.

De aksjegroep Wilde Dieren de Tent Uit hie yn in brief de gemeente frege om maatregels. Mar it sirkus foldocht oan it 'Sirkuskeur'. Dêryn wurde strange easken steld oan it wolwêzen fan 'e bisten, sa makket de gemeente bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)