Skaaktoernoai 'lest' fan hynder

In skaaktoernoai yn Wolvegea driget yn de problemen te kommen troch de haadpriis. De winner fan it Remco Heite-toernoai krijt nammentlik in hynder. De Algemene Inspectie Dienst hat de organisaasje witte litten dat soks by wet ferbean is.
De organisaasje wol lykwols oan de tasizzing fêsthâlde. Dêrom sykje se tegearre mei de AID nei in oplossing. Dat moat op koarte termyn barre, omdat it toernoai ein dizze moanne is.