Algra op bakfyts 11 stêden bydel

07 nov 2006 - 11:45

CDA-politikus Rendert Algra docht de Alvestêdetocht op 'e bakfyts. Hy wol de Friezen oerhelje op him te stimmen by de Twadde-Keamerferkiezings. Algra stiet foar it CDA op it 54e plak, net heech genôch foar de Twadde Keamer. Mei 16.000 foarkarstimmen soe er it wol helje kinne.

De tocht is begûn yn Snits. Algra tinkt der in wike oer te dwaan. Op de bakfyts stiet de keunstko fan Algra syn Kies 'n Fries-kampanje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)