Dominomosk op útstalling

© Omrop Fryslân
Der wurdt in tentoanstelling organiseard om de dominomosk hinne, de mosk dy't ferline jier deasketten waard yn de Ljouwerter hal, dêr't it wrâldrekord domino plakfine soe. Dat soarge in jier lyn foar in soad opskuor.
De mosk is fan takom wike ôf te sjen yn it Natuurhistorisch Museum yn Rotterdam, neist in pear beroemde soartgenoaten, bygelyks de mosk dy't troch in cricketbal oan 'e ein kaam.