Minister Kamp by aso-húshâldings

Minister Kamp hat moandei mei eigen eagen sjoen hoe't de gemeente Ljouwert oerlêst troch húshâldings oanpakt. De heechste definsjeman wie op ferkiezingskampanje yn de Fryske haadstêd. Hy gie op 'en paad tegearre mei boargemaster Dales.
Húshâldings dy't lêstich binne foar buorlju krije Dales persoanlik oer de flier. Hy sprekt de minsken oan op harren hâlden en dragen. Dan is it yn njoggen fan 'e tsien gefallen oer.