Jan Ploeg Bovag-foarsitter

CDA-deputearre Jan Ploeg fan Drachten is moandei keazen as nije foarsitter fan de Bovag, de organisaasje fan ûndernimmers yn de autobrânzje. Ploeg begjint op 1 jannewaris mei syn nije funksje as ferfanger fan de koartlyn ferstoarne Jack Schueler.
Ploeg hat jierrenlang yn de autobrânzje wurke, ûnder oare as direkteur fan Autoland Van den Brug yn Drachten. Ploeg nimt begjin takom jier ôfskie fan de provinsjale polityk.