Omrop fan freed ôf op satellyt

06 nov 2006 - 11:35

Omrop Fryslân Televyzje is fan no freed ôf oer de satellyt te ûntfangen. Minister Van der Hoeven sil dan de offisjele hanneling ferjochtsje foar in soad regionale omroppen tagelyk.

De mooglikheid fan satellytûntfangst komt in moanne foardat de analoge televyzjeûntfangst fia in antenne ûnmooglik wurdt. By de oanskaf fan in satellytûntfanger moat goed neifrege wurde hoe't it mei de Omrop sit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)