Gerald Aukes trainer topklup

© awfoto.nl
Gerald Aukes (46) wurdt de nije trainer fan kuorballeagueklup KZ/Hiltex út Koog aan de Zaan. De Grouster kuorbaltrainer is op dit stuit dwaande mei syn sechsde seizoen by haadklasser LDODK. Mei de ploech út Terwispel en De Gordyk besiket hy te promovearjen nei it heechste nivo yn kuorballân: de kuorballeague. KZ spilet al jierren op dat nivo. De ploech waard twa kear sealkampioen fan Nederlân.