Syktocht nei fermiste frou opjûn

© Omrop Fryslân
De plysje is net mear aktyf op syk nei de fermiste frou út Wolvegea. In moanne lyn is se yn depressive tastân fan hûs ôfset. Sûnt dy tiid is neat mear fan de frou fernaam.
Der is socht mei in helikopter en speurhûnen yn in natuergebiet by Wolvegea. Ferskate tips binne neilutsen, mar dat hat neat opsmiten. De plysje hâldt der rekken mei dat de 49-jierrige frou ferstoarn is.