Fernieling yn winkel Snits

05 nov 2006 - 15:40

De plysje stelt in ûndersyk yn nei in ynbraak en fernieling yn in winkel oan de Professor Zernikestrjitte yn Snits, yn de nacht fan sneon op snein. Om 04.00 oere gong it ynbraakalarm ôf. It die bliken dat oan de foarkant seis ruten fernield wiene.

Ek binnen wiene der saken fernield, ûnder oare trije ruten fan doarren, twa lampen en kantine-apparatuer. De ravaazje wie grut. It is net bekend oft der wat stellen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)