Bytsje beswieren Boarnsterhim

20 mrt 2012 - 21:35
  • De Alde Feanen

Tsjin de weryndieling fan Boarnsterhim binne tsien beswieren yntsjinne. Boarnsterhim komt twa fan de tsien beswiermakkers temjitte dy't it net iens binne mei hoe't de grinzen lutsen binne. De âlde slús yn it Prinses Margrietkanaal by Terherne giet lykas it doarp sels nei Skarsterlân. Trije famyljes dy't oan de Hegedyk by Raerd wenje, wolle mei it doarp mei nei Súdwest-Fryslân en net nei Ljouwert. De oare beswieren gean ûnder mear oer de Alde Feanen: Earnewâld en Tytsjerksteradiel wolle dat it natoergebiet by harren gemeente komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)