Plysjebuske fernield op It Fean

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn op It Hearrenfean twa manlju oanholden foar iepenlike geweldpleging. Fertochten seagen sneintemoarn betiid dat de manlju de spegels fan in plysjebuske op de Vleesmarkt fernielden.
Ien fan de spegels waard yn it wetter smiten. Dêrnei hiene se tsjin de auto oanpisse. De plysje trof de fertochten oan op de Vleesmarkt. It giet om in man (35) út Ychtenbrêge en in man (27) út Warffum. Se binne ynsletten.