Ek stroomsteuring yn Furdgum

05 nov 2006 - 14:51

Ek Fryslân hat lêst hân fan de grutte stroomsteuring yn West-Europa sneontejûn. Yn Furdgum en omkriten foel de stroom ek út.

Neffens in wurdfierdster fan Tennet, de Nederlânske behearder fan it heechspanningsnet, ha der yn it hiele lân pleatslik koarte stroomûnderbrekkings fan sa'n tsien minuten west. Troch in probleem yn Dútslân ûntstie in stroomtekoart. Frankryk hie dêr it measte lêst fan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)