Sven Kramer wint 1500 meter

Sven Kramer fan Aldskoat hat snein by de NK ôfstannen yn Assen syn twadde titel ferovere. Kramer skreau de 1500 meter op syn namme. Earder dit toernoai hie er al de fiif kilometer wûn.
Kramer, dy't in tiid fan 1.50,96 notearre, hie 0,34 sekonde foarsprong op Simon Kuipers (1.51,30) dy't sulver helle. It brûns gong nei Jan Bos. Syn tiid wie 1.51,41. Erben Wennemars waard fjird yn 1.51,45.