Keunstmoanne foar tsiende kear

05 nov 2006 - 12:37

Foar de tsiende kear wurdt op It Amelân de Keunstmoanne holden. De eksposysje rint diskear oer it hiele eilân. It tema is 'Weerzien'. Dat hat alles te krijen mei it jubileum fan de Keunstmoanne.

Keunstners dy't de lêste jierren meidien ha, binne no wer even werom. De keunstners komme net allinne út Nederlân, mar ek út lannen as Denemarken en Sweden. Njonken in soad skulptueren binne der ek foarstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)