Snelheidskontrôles yn Fryslân
De plysje Fryslân hâldt dizze wike wer ferskate snelheidskontrôles. Moandeitemoarn is dat op de N358 fan Surhústerfean nei Drachten ta. Tongersdeitemiddei stiet de plysje op de N356 fan Damwâld nei De Westerein en freedtemiddei op de N359 fan Boalsert nei Wommels.
Njonken dizze snelheidskontrôles binne der fan 'e wike ek op oare Fryske diken kontrôles.