FNP: 'Fergees iepenbier ferfier'

05 nov 2006 - 12:18

De FNP yn de gemeenteried fan Ljouwert wol dat der in ûndersyk komt nei de mooglikheden fan fergees iepenbier ferfier. De partij sjocht wol wat yn fergees iepenbier ferfier foar beskate doelgroepen, lykas senioaren, handikapten en jongeren.

Ek soe der in eksperimint komme kinne mei fergees iepenbier ferfier op trajekten dêr't no faak files stean. De FNP sil moandei yn de gemeenteried in moasje yntsjinje oer de kwestje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)