Startersdei wer grut sukses

Hieltyd mear senioaren (50-plussers) en allochtoanen wolle in eigen bedriuw begjinne. Dat die sneon bliken op de lanlike Startersdei fan de Keamer fan Keaphannel yn Ljouwert. It wie foar de fyfde kear dat de dei holden waard.
Der kamen sa'n 1500 belangstellenden om te praten mei fertsjintwurdigers fan de belesting, banken, fersekeringsmaatskippijen, adviseurs en mear. De Startersdei is sa'n sukses dat der seker mei trochgien wurdt.