Lootsma: "ûngelokkige samenloop"

Boer Lootsma, eigner fan de hynders dy't troch wetter ynsletten wiene, neamt de ûntsteane sitewaasje "in ûngelokkige samenloop fan omstannichheden". As de hynders op it plak bleaun wiene dêr't hy se earst brocht hie, soe der neat bard wêze.
Lootsma hie de bisten earst yn oerlis mei it Fryske Gea op in hegere dobbe brocht. Fia in dyk soene se fuorthelle wurde. Mar de bisten binne dêr sels wei gien en letter ynsluten rekke.