Bewenners trappearje ynbrekkers

© Omrop Fryslân
Yn twa huzen oan de Dokkumer Trekwei en de Aldlânsdyk yn Jelsum is freed ynbrutsen, wylst de bewenners thús wiene. Beide kearen binne de ynbrekkers sjoen.
De earste kear wie oan de Dokkumer Trekwei. De bewenner fan it hûs seach in unbekende man yn de bykeuken en besocht him te pakken. Doe naaide de ynbrekker út. Oan de Aldlansdyk besochten de ynbrekkers har slach te slaan yn in garaazje en yn it hûs.