Telefoandief oanholden

© Omrop Fryslân
De plysje hat mooglik in grut oantal gefallen fan stellerij fan mobile telefoans út winkels yn Ljouwert oplost. Freed is in 42-jierrige man út Ljouwert oanhâlden. Hy wie trapearre troch in befeiligingsmeiwurker fan winkelplein De Centrale.
De Ljouwerter hie in mobile telefoan út de doaze helle en yn in oar artikel ferstoppe. It wie winkelpersoniel de hiele wike al opfallen dat der sa mobile telefoans stellen wiene.