CHN wol universitêre opliedingen

De CHN, de kristlike hegeskoalle yn Ljouwert, makket wurk fan in universitêre oplieding yn Fryslân. De CHN wol fjouwer rjochtingen oanbiede op heech nivo. It giet dan om managementopliedingen foar de toeristyske en de kommersjele sektor.
De CHN rint alfêst foarút op de ynfiering fan in nije wet dy't hegeskoalle mear mooglikheden jout om betelle universitêre opliedingen oan te bieden.