Snits wol brêge wer beweechber

04 nov 2006 - 13:03

Snits is dwaande mei plannen om de brêge tusken it sintrum en de Ljouwerterdyk wer beweechber te meitsjen. Wethâlder Metz sei dat by de iepening fan makelder Smedes yn Snits. Yn 1962 waard de klapbrêge op dat plak ferfongen troch in fêste brêge.

No't in soad ferkear oer de diken om Snits hinne giet, kin de brêge wer beweecher makke wurde en komt der romte foar boatsjesminsken en foar wentebou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)