Mear beskerming greidefûgels

© Omrop Fryslân
Fûgelwachten yn Gaasterlân-Sleat wolle alles op alles sette om de aaien en piken fan greidefûgels te beskermjen tsjin rôfbisten. Stifting Bosk en Greide wol hjiroer yn petear mei de natoerbeskermers lykas steatsboskbehear.
Yn Gaasterlân-Sleat is de fûgelstân de ôfrûne jierren bot werom rûn. Benammen de foks is dêr skuldich oan, mar dy mei bejage wurde.Dat jildt net foar de mûzebiter, in oare aai- en pikerôver.