Cambuur ferliest fan TOP-Oss

03 nov 2006 - 22:06

Cambuur hat de útwedstriid tsjin Top-Oss mei 3-1 ferlern. De Ljouwerters kamen yn de 35e minút troch in goal fan Berry Hoogeveen noch wol op foarsprong, mar yn de twadde helte skoarden Zafarin en letter Van der Sloot twa kear, sadat Cambuur úteinlik dochs mei 3-1 ferlear.

Yn de slotfaze fan de wedstriid wie der ek noch in reade kaart foar oanfierder Rick Hooyboer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)