Ljouwerter Krante feroaret

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter Krante giet op 'e skeppe. De twa sportbylagen op moandei ferdwine en komme werom yn ien tabloid. Ek ferdwine de advertinsjes trije kear yn 'e wike fan de efterside om plak te meitsjen foar in redaksjonele bydrage.
Dy moat licht fan toan wurde en in jong publyk lûke. De wichtichtste feroaring sit him lykwols yn de sportbylage. Dy sil bestean út mar leafst 24 siden.