Boargemaster bliid mei rêding

Boargemaster Wil van den Berg fan Ferwerderadiel is tige bliid no't de goed hûndert hynders feilich oan wâl kommen binne. Freedtemiddei slaggen fjouwer ruters deryn om de hynders fan de dobbe nei de kant ta te begelieden.
De hynders rinne de kommende nacht yn in stik greide by de seedyk. Dêr kinne de bisten bykomme fan de skrik. Sneontemoarn wurde de bisten ophelle troch de eigner, boer Lootsma út Tsjummearrum.