Friezinnen yn Ynglingteam

© Omrop Fryslân
It wettersportbûn hat Marije Faber fan Toppenhuzen, Brechtje van der Werf fan Snits en Petronella de Jong fan Sint Anne opnommen yn de kearnploech foar 2007. De trije froulju sitte yn it Ynglingteam fan Maurice Paardenkooper fan Frjentsjer. Ek Marije Kampen heart by dit team.
Neffens it silersbûn hawwe de acht froulju fan it team kânskes op medaljes by kampioenskippen en de Olympyske Spullen yn Sina.