Tjitte Talsma bêste learmaster

03 nov 2006 - 15:55

Klokmakker Tjitte Talsma út Aldtsjerk is learbedriuw fan it jier foar ienmanssaken wurden. Dat is freed bekend makke. Learling-klokmakker Jelle Dykstra hie syn baas opjûn foar de titel bêste learmaster fan it jier.

Talsma hie twa konkurrinten yn de kategory ienmanssaken. De sjuery wie foaral te sprekken oer it entûsjasme fan de klokmakker en syn grutte leafde foar it fak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)