Hynders wer op 'e wâl

03 nov 2006 - 14:07

Alle hynders, dy't fêstsieten op in eilantsje yn it Noarderleech, binne wer op 'e fêste wâl. De rêdingsaksje begûn om 14.00 oere. Mei fjouwer lokhynders mei amazones waarden de hynders nei de fêste wâl talokt.

Se koene op eigen krêft nei de wâl ta rinne, omdat it wetter yntusken wer genôch sakke is. In lêste hynder waard ophelle troch in groep fan fiif rêders, omdat dy net sels oerstekke koe. Hy hat it úteinlik net oerlibbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)