Wenningbrân yn Winaam

03 nov 2006 - 13:37

Der hat freed oan it begjin fan de middei brân west yn in wente oan de Haulewei yn Winaam. De brânwacht fan Harns sette earst ien auto yn, omdat it om in brân yn in skuorke like te gean.

Doe't dúdlik waard dat it om in brân yn in hûs gie, waard noch in twadde auto ynskeakele. It fjoer wie nei in oere ûnder kontrôle. Hoe grut de skea is en wat de oarsaak is, is net bekend. Der binne gjin ferwûnen fallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)