Gearwurking musea Noardeasthoeke

© Omrop Fryslân
De musea yn de Noardeasthoeke sille gearwurkje. Om't de musea te min profesjonele minsken oan it wurk ha, is it dreech om saken as promoasje, húsfesting en in depot fan de grûn te krijen.
De musea yn Achtkarspelen, Kollumerlân, Dantumadiel, Dongeradiel en Ferwerderadiel sille mei inoar wurkje oan websites, it ferbetterjen fan werkenberens en it ûntwikkeljen fan rûtes. It plan kostet 30.000 euro.