Mei potlead stimme yn Frjentsjer

Ynwenners fan Frjentsjerteradiel en Flylân moatte op 22 novimber mei it reade potlead stimme. Dat hat minister Nicolai fan Bestjoerlike Fernijing besletten. Gewoanwei wurdt yn dizze gemeenten mei de kompjûter stimd.
Mar omdat dizze kompjûters fraude- gefoelich binne, moast der in alternatyf socht wurde. Frjentsjerteradiel hie him oanmeld foar in stimkompjûter fan in oar merk, mar hat dy net tawiisd krigen.