PvdA meast populêr yn Fryslân

De Partij van de Arbeid is it meast populêr ûnder de Friezen. Dat docht bliken út in peiling fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, de NHL, ûnder goed 900 Friezen. De PvdA soe 47 (no 42) sitten helje, it CDA 44 (no ek 44).
De VVD is de tredde partij yn Fryslân mei 22 sitten, de SP soe yn Fryslân 16 helje (dy ha der no 8). De ChristenUnie (no 3) is de fyfde partij yn Fryslân mei 9 sitten. 20% wyt noch net op hokker partij er stimme sil.