Rêding hynders duorret hiele dei

De rêdingsaksje fan 'e hynders yn it Noarderleech by Marrum sil freed noch de hiele dei yn beslach nimme, seit Nico Minnema fan it Fryske Gea. It plan is om de hynders sels nei de seedyk rinne te litten. Foardat de tocht begjint wurde de hynders noch fuorre en besjoen troch de feearts.
Ek sil it Gea peile hoe djip it wetter krekt is. As alles bekend is sille Fryske Gea, brânwacht en gemeente oerlizze oer de bêste wurkwize.