Kramer tsjin De Jong op NK
Wrâldrekôrdhâlder reedriden Sven Kramer fan Aldskoat moat it op de 5 kilometer fan it NK-ôfstannen yn Assen opnimme tsjin Olympysk kampioen Bob de Jong.
Beide rivalen ride freedtejûn yn de tsiende en lêste rit tsjin elkoar. Yn de sande rit binne Rintsje Ritsma en Jochem Uytdehaage oan elkoar keppele. It NK-afstannen is freed, sneon en snein.