'Helpers ramp foar hynders'

02 nov 2006 - 16:55

De helpferlieners en de autoriteiten hiene har nea bemuoie moatten mei it fuortheljen fan 100 hynders út it Noarderleech. Dat seit feehâlder Skelte Hoogland, dy't sels ek 40 bunder bûtendyks lân hat.

Fee dat bûtendyks fêst komt te sitten, kinne je it bêste it wetter yn jeie. De hynders swimme dan wol út harsels nei de seedyk ta. Hoogland en de oare boeren mochten har woansdei net bemuoie mei it rêden fan 'e hynders.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)