Ljouwerter oppakt foar misbrûk

20 mrt 2012 - 18:37
  • Justysje

In 44-jierrige ynwenner fan Ljouwert is oanhâlden op fertinking fan it misbrûken fan in 7-jierrich buorfamke yn de wyk Suderbuorren. De man is swimlearaar yn swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer en oppasheit op basisskoalle de Wynwizer yn syn wenwyk. Justysje seit mei klam dat dêr gjin bern lêstich fallen binne. It famke kaam geregeld by de man oer de flier en hat har mem ferteld wat de buorman die. De plysje hat wiidweidich ûndersyk dien en de man is twa wike lyn oppakt. De 60 belutsen âlden krije tiisdeitejûn in brief oer de saak.

Alden fan bern yn de swimgroep en âlden fan bern op de tuskenskoalse opfang fan de Wynwizer krije sa'n brief. Der wurdt in spesjaal ynformaasjenûmer iepene foar minsken dy't fragen ha. Dat nûmer 058-7505532 is tusken 8.30 en 17.00 berikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)