Oardel jier sel foar strjitrace

Twa manlju binne elk ta oardel jier selstraf feroardiele foar hurdriderij yn Ljouwert dêr't in frou by omkaam. De 73-jierrige frou stuts oer op 'e fyts krekt op it momint dat de manlju foarby stoden.
Tsjin de manlju wie respektivelik trije jier sel en sechtsjin moanne easke. De rjochtbank fûn deaslach net bewezen. Der wie wol sprake fan in strjitrace om't de manlju tige hurd achter elkoaroan rieden.