Eigner hynders 'net warskôge'

Boer Lootsma seit dat er net warskôge is troch it Fryske Gea foar syn hynders achter dyk by Marrum. In hûnderttal hynders is noch altyd ynsletten troch it seewetter. Achttjin bisten binne ferdronken.
Neffens it Fryske Gea stiet yn it kontrakt dat de bisten dêr weihelle wurde moatte foar 15 oktober. Dêrnei is it de ferantwurding fan de boer sels. De bisten kinne tongersdei wol nei de wâl ta rinne, seit de boer.