Fergoeding buorlju gemeentehûs
De gemeente Dongeradiel jout dochs in skeafergoeding oan de buorlju fan it nije gemeentehûs yn Dokkum. It giet om in bedrach fan 7500 euro.
De buorlju sizze dat se skea hawwe fan 'e nijbou, tichtby harren achtertún. Benammen de wearde fan 'e wente soe no minder wêze. Yn earste ynstânsje wie de planskea ôfwiisd.