Earste nachtlik ponton útfearn

02 nov 2006 - 01:02

Woansdeitenacht om 00:45 is in ponton mei dêrop in trekker en karre útfearn nei de hynders dy't ynsletten binne troch it wetter. Leger en helptsjinsten binne de hiele nacht dwaande mei de rêdingsaksje foar de goed 100 hynders. De kâns bestiet dat de bisten op de rin gean en mekoar sa it wetter ynjeie. De bistebeskerming is by de aksje oanwêzich.

As it driget mis te rinnen, wurdt de operaasje útsteld oant tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)