Rêdingsaksje hynders

01 nov 2006 - 20:48

Woansdeitejûn om tsien oere is begûn mei de rêdingsaksje fan de goed 100 hynders dy't drygje te ferdrinken yn it bûtendyksgebiet by Marrum. De hynders steane midden yn it wetter op in dobbe, in heger stikje lân. It leger wol de hynders mei pontons oerbringe nei de fêste wal.

Oan de ein fan de middei binne 18 lytsere hynders rêden mei boaten. 18 hynders koene net rêden wurde, sy binne ferdronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)