Eigner hynders wie warskôge

01 nov 2006 - 16:23

De eigner fan de goed 100 hynders dy't no yn de problemen binne by Marrum hat fersomme se dêr wei te heljen. Dat seit it Fryske Gea. Dy hat de eigner, in man út Tsjummearrum, al in tal kearen sommeard om de hynders foar 15 oktober út it gebiet te heljen.

De hynders steane op dit stuit op in heger stik yn it bûtendyksgebiet, mar dat driget ek ûnder te rinnen. It Fryske Gea besiket de hynders mei it leger oer te bringen nei heger gebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)