Van Mourik riedslid ôf

Tom van Mourik fan de VVD stapt út de Ljouwerter ried. Dat hat er tiisdei sein yn de kommisje stedsûntwikkeling. Van Mourik stiet op nûmer 2 fan de kandidatelist fan de kommende steate- ferkiezings yn maart takom jier.
Van Mourik nimt ein dizze moanne ôfskie en sil him oant dy tiid yn de ried net mear útsprekke oer saken dy't ek provinjsaal spylje, lykas it Fries Museum. Van Mourik wie earder wethâlder yn Ljouwert.