Help leger frege foar hynders

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea freget it leger om help om de goed 100 hynders op it Noarderleech te rêden. Mei pontons fan it leger soene de hynders fan it ûnderstrûpte lân helle wurde moatte.
Troch de hurde wyn en it hege wetter is de keppel hynders ynsluten rekke op it bûtendyks lân. Se wiene nei it heger stik lân jage, mar binne werom rûn, wêrtroch't se mei it folgjende heech wetter woansdei om fiif oere yn de knipe driigje te kommen.