Mear foech Frysk by provinsje

01 nov 2006 - 10:20

As skoallen yn it fuortset ûnderwiis gjin ferplichte Fryske les jaan wolle moatte se by de provinsje ûntheffing oanfreegje. No moat dat noch by it ministearje fan ûnderwiis. It krijen fan dat foech jout de provinsje de kâns om mei sokke skoallen te praten.

Benammen yn de Stellingwerven, op de Waadeilannen en yn Harns wegerje skoallen Frysk te jaan. Yn ûnderling oerlis hopet de provinsje mei de skoallen taalbelied te ûntwikkeljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)