18 hynders fersûpt,noch 100 fêst

Bûtendyks by Marrum binne troch de stoarm al achttjin hynders ferdronken. Sy stiene op in ferheging wylst de rest fan it lân ûnderstrûpt is. Op dit stuit binne noch goed 100 hynders troch it wetter ynsletten.
Yntusken binne 20 lytse hynders mei boaten yn feilichheid brocht. It leger wurdt ynset om te helpen by it rêden fan de oaren. Der is besletten de hynders noch woansdeitejûn yn feilichheid te bringen.