Ljouwert stimt yn mei Masterplan

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter polityk makket him soargen oer 25 panden dy't aanst leech komme te stean oan de Twabaksmerk en Turfmerk. Mei de ferhuzing fan it Fries Museum komme al dy gebouwen leech te stean. Yn it Masterplan dat tiisdei yn in kommisjegearkomste behannele waard, wurdt de bestimming foar de gebouwen ferromme.
Soargen binne der ek oer it autolij meitsjen fan it gebiet. Dochs stimt de ried moandei yn mei it Masterplan.