Boeke fia ynternet by Doeksen

Reizgers nei de Waadeilannen Skylge en Flylân kinne har boattickets fan 1 novimber ôf fia ynternet boeke. Rederij Doeksen hat hege ferwachtings fan dat nije digitale boekingssysteem. Direkteur Paul Mellens ferwachtet dat mear minsken no de oertocht nei de twa Waadeilannen meitsje sille.
It boeken fan kaartsjes kin allinne foar boattochten fan 8 jannewaris takom jier ôf. Wa't on-line boekt krijt 5 persint koarting.